bv SPORT bringt minsken yn beweging. Dêrom wolle wy as bv SPORT dat sa goed mooglik stimulearje en fasilitearje yn de gemeente Ljouwert en yn de omlizzende doarpen. Ús doel is om elkenien mei wille bewege te litten, sadat we tegearre bliid fan sport wurde.
Wurdsto bliid fan in hands-on rol as sporthalbehearder, wêrby atsto as gasthear der foar soargest dat ús akkommodaasjes skjin, feilich en yn in perfekte kondysje binne foar ús brûkers? Dan sykje wy dy!
bv SPORT is op syk nei in entûsjaste:
Sporthalbehearder – 36 oeren yn’e wike
Wat silst dwaan?
- Do fierst tagelyk it behear oer meardere sporthallen en gymsalen yn de gemeente Dantumadiel;
- Do ûnderhâldst de deistige kontakten mei de brûkers fan de akkommodaasjes en hâldst tafersjoch op it goede gebrûk dêrfan en fan de byhearrende ynventaris. Dêrby kinst korrizjearjend optrede as de regels net goed neilibbe wurde;
- Do sprekst goed Nederlânsk en Frysk, dit is in pré;
- Do ferjochtest skjinmakwurkumheden neffens in fêst programma, sadat de akkomodaasjes foldogge oan de stelde easken;
- Do bist ree om wêr nedich (tydlik) yn te springen op ús horekaôfdieling;
Do bist yn steat om sels (lytse) reparaasjes út te fieren oan de sportynventaris en oare ynrjochtingseleminten.
Wat freegje wy fan dy?
Do bist fleksibel, kommunikatyf en sosjaal sterk en bringst dêrneist it folgjende mei:
- VMBO wurk- en tinknivo;
- EHBO en BHV (ek yntern te heljen);
- Kennis oer ferskate skjinmakmetoaden;
- Affiniteit mei sport en it lokale ferieninglibben, dit is een pré;
- Do kinst goed omgean mei wurk- en publyksdruk by wedstriiden;
- De wurkdagen binne fan moandei oant en mei freed, mei ôfwikseljend per wike dei- en jûntsjinsten (fan 07.00 oant 15.00 oere en fan 15.00 oant 23.00 oere);
- Do bist minimaal 2 fan de 4 wykeinen (sneon en snein) per moanne beskikber en ynsetber.
Wat biede wy?
- In jierkontrakt, foarkar begjinne op 1 febrewaris 2026;
- It salaris foar dizze funksje is fêststeld yn skaal 4 fan de Vermo cao (bruto salarisberik €2.263,- oant €3.227,- by foltiid (36 oeren);
- Oanfolle mei 8% fakânsjejild en in ein-fan-it-jierútkearing fan 8,33%;
- In oantreklike pensjoenregeling fia it ABP;
- Ûntwikkeling en oplieding.
Bisto ynteressearre? Stjoer ús dan dyn sollisitaasje foar freed 15 jannewaris 2026. Petearen hâlde wy op woansdeitemoarn 21 jannewaris 2026 tusken 08.00 – 12.00 oere. Hast fragen oer de funksje? Stjoer dan in e-mail nei Jan Faber, manager Sportakkomodaasjes, fia vacatures@bvsport.nl.
Akwisysje nei oanlieding fan dizze fakatuere is net winske.